Jacobi en De Rouwe oanwinsten

09 sep 2014 - 12:54
  • Sander de Rouwe wie ne ûnder de yndruk fan de krityk út de steaten

De Twadde Keamerleden Sander de Rouwe en Lutz Jacobi binne beide 'in oanwinst foar de Fryske polityk'. Dat seit âld-CDA Twadde Keamerlid Sytze Faber. Faber ferwachtet by de steateferkiezings fan takom' jier in nek-oan-nekrace tusken it CDA fan De Rouwe en de PvdA fan Jacobi. Oare politike partijen as FNP en VVD sille dêr lest fan krije, sa tinkt hy.

It Fryske CDA hat moandei Sander de Rouwe út Boalsert presintearre as listlûker. Lutz Jacobi moat by de PvdA de striid om it listlûkersskip oangean mei deputearre Jannewietske de Vries.

Faber ferwachtet dat Jacobi dy striid wol winne sil, no't it CDA De Rouwe nei foaren skoot. It meidwaan fan lanlike kopstikken oan provinsjale ferkiezings betsjut neffens Faber ek dat provinsjale ferkiezings noch mear as foarhinne dominearre wurde troch de lanlike polityk. De lanlike polityk fynt de steateferkiezings sa belangryk, omdat Provinsjale Steaten op har beurt wer de Earste Keamer kieze. It sittende kabinet hat op dit stuit gjin mearderheid yn de Earste Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)