Jacob Vellenga ferstoarn

20 sep 2012 - 12:02

Yn Ljouwert is tongersdeitemoarn âld-wethâlder en âld-Twadde Keamerlid Jacob Tiede Vellenga (92) ferstoarn. Vellenga wie in sosjaal-demokraat fan 'e earste oere. Hy wie yn 1946 by de oprjochtingsgearkomste fan de PvdA yn Amsterdam.

Vellenga wie 28 jier lid fan de gemeenteried fan Ljouwert. Dêrfan wie er tolve jier wethâlder. Hy hat ek trettjin jier lid west fan de Twadde Keamer en jouwer jier lid fan Provinsjale Steaten. Vellenga wurdt tiisdei yn Ljouwert te hôf brocht.

Fanwege syn lange stâl en gefoel foar humor wie Vellenga in opfallende ferskining yn en bûten de polityk. Yn de Twadde Keamer hat Vellenga ferskate kearen optreden as Sinteklaas. Yn dy rol naam er graach kollega-politisy fan oare politike partijen op humoristyske wize te fiter. Vellenga wie yn Ljouwert 46 jier lang amtner fan de boargerlike stân. Yn dy funksje hat er mear as fiiftûzen houliken sletten. Oant yn hege âldens wie Vellenga goed helder. Hy folge ek noch hieltyd de polityk kritysk. Ferline jier hâlde Vellenga noch in 1 maaie-taspraak yn âldereinhûs Leppehiem yn Akkrum. Dat wie by it 65-jierrich bestean fan syn partij, de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)