Jacob Huisman wint by Heech

07 aug 2001 - 00:00

De twadde wedstriid fan it IFKSskûtsjesilen is tiisdei op 'e Hegemermar mei gemak wûn troch de winner fan foarich jier, Jacob Huisman. Twadde waard Sieb Meyer nei in spannende striid mei Jentsje Schraa dy't 3e waard.

De wedstriid yn 'e A-klasse wie de iennichtste dy't trochgie. De lytse A-klasse en de B-klasse koene fanwege te min wyn net starte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)