Jacob Folkerts wurdt dûmny fan Betheltsjerke yn Drachten

18 apr 2016 - 10:11
  • De Betheltsjerke yn Drachten

Jacob Folkerts fan Teksel moat dûmny Orlando Bottenbley fan de Betheltsjerke yn Drachten opfolgje. Bottenbley makker earder bekend der mei ophâlde te wollen. Tiisdeitejûn wurdt Folkerts foarsteld oan de gemeente. Op 1 maaie moat er twa kear in preek hâlde. De leden beslute dan op 9 maaie oft hy de Vrije Baptistegemeente liede mei.

Folkerts komt fan oarsprong fan Donkerbroek. Hy is opgroeid yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)