Jack de Vries net nei Keamer

23 des 2010 - 17:09
  • Jack de Vries: net nei de Twadde Keamer

Ald-steatssiktaris en Fries om utens Jack de Vries sil foarearst net weromkomme yn de Twadde Keamer. Der wie in plak frijkaam omdat Ank Bijleveld fan it CDA Kommissaris fan de Keninginne fan Oerisel wurdt.

Har plak wurdt no ynnaam troch Marieke de Werf. Der waard yn Den Haach drok spekuleard oer de fraach oft De Vries de sit ynnimme soe. Yn in reaksje lit Jack de Vries witte de frijheid fan it ûndernimmerskip te kiezen boppe in sit yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)