Jachtstop jildt net mear

27 des 2009 - 16:59

De tydlike jachtstop jildt mei yngong fan moandei net mear. Dat hat it bestjoer fan it Fryske gewest fan de Koninklijke Nederlandse Jagersvereniging besletten.

Fanwege it winterske waar waarden de Fryske jagers op 21 desimber advisearre net mear te jeien. No't it waar opknapt is, is dat net mear nedich. Neffens de Flora en Faunawet mei der lykwols noch hieltyd net sketten wurde op wylde einen by wekken of as der net genôch iepen wetter is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)