Jachtskilderbedriuw fallyt

24 nov 2010 - 12:06

All Yachts Yachtpainting út Drachten is troch de rjochtbank yn Ljouwert fallyt ferklearre. It bedriuw haldt him dwaande mei it ûnderhâld en skilderwurk fan jachten. It bedriuw hie klanten út de nasjonale en ynternasjonale jachtbou. It bedriuw wurke dêrneist ek foar partikulieren.

Ek de hússkilderôfdieling fan it bedriuw, Attent Schilderwerken, is fallyt. De direksje fan it bedriuw wie woansdei net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)