Jachtfleantúch troch lûdsbarriêre yn Noardeast-Fryslân

15 apr 2015 - 16:53
  • In Nederlânske F16

Ynwenners fan Noardeast-Fryslân binne woansdei flink skrokken fan in lûde knal dy't yn de wide omkriten fan Dokkum en Kollum te hearren wie. Guon sprekke fan in 'eskploazje' dy't de ruten trilje liet. In F16 gie op de Noardsee troch de lûdsbarriêre. De foarljochting fan de fleanbasis hat dit befestige. De wyn en mooglik de atmosfear ha dêr mei te krijen dat it sa dúdlik te hearren wie.

Fotograaf Jan Beets fan Kollum pleatste in reaksje oer de knal op twitter

Beets krige reaksjes út it hiele noarden, ek út Grinslân en fan de Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)