Jachthaven Flylân kin opknapt

24 jan 2007 - 11:35

De provinsje jout hast trije ton oan Flylân. It jild is bedoeld foar it opknappen fan de jachthaven. Der wurdt al jierren praat oer de fernijing fan de jachthaven en it neistlizzende bedriuweterrein.

Der is no genôch jild. De gemeente Flylân hat ûnder oare de toeristebelesting al ferhege. Mei-elkoar kostet it projekt tsien miljoen euro. De jachthaven moat takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)