Jachtferbod yn natuer ferdwynt

24 nov 2006 - 16:23

It jachtferbod yn natuergebieden wurdt opheven. Dat hat it kabinet freed besletten. Foar elk gebiet wurdt besletten of en ûnder hokker betingsten der jeid wurde mei. Der wurde behearplannen makke dêr't de jacht yn regele wurdt.

Neffens direkteur Ultsje Hosper fan it Fryske Gea feroaret der yn de praktyk net safolle yn harren natuergebieten omdat se sels baas binne oer wat dêr al of net gebeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)