Jachtbou moat better ferkeapje

18 okt 2010 - 20:42
  • Klaas Hofstra fan it Kenniscentrum Jachtbouw

De jachtbou yn Fryslân moat oer de grins folle better ferkeapje, sa seit Klaas Hofstra fan it Kenniscentrum Jachtbouw.

Mei in nij inisjatyf wurdt besocht middels software de jachtbouwers effisjinter wurkje te litten sadat se goedkeaper produsearje kinne. Fierders wol it kennissintrum de bedriuwen mear gearwurkje litte om sa oer de grins better nije klanten te ynteressearjen foar harren boaten. It projekt set takom jier út ein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)