Jacht yn Snits útbaarnd

24 jan 2007 - 13:33
  • brân yn in jacht yn Snits

Yn Snits is woansdei in jacht fan 13 meter útbaarnd. It skip lei yn in skipshûs fan Brandsma_Jachten op yndustryterrein It_Ges. De brânwacht hat de brân útmakke. It skip hat swiere skea.

De oare 42 oare skippen yn it skipshûs ha in soad roetskea. De brân is mooglik ûntstien yn de masinekeamer fan it jacht. De technyske resjerzje docht tongersdei ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)