Jacht op ûntsnapte bevers nedich

27 jul 2004 - 12:05

Wittenskiplik meiwurker Freek Niewold fan Alterra yn Wageningen wol dat de jacht iepene wurdt op de twa ûntsnapte bevers fan Aquazoo by Ljouwert. De bevers ûntkamen begjin maaie.

It giet om Kanadeeske bevers en dy moatte sa gau mooglik fongen of sels ôfsketten wurde, fynt Niewold. De Kanadeeske bevers ferkringe nammentlik har Europeeske soartgenoaten. En dat is net goed foar de kânsen foar de Europeeske bever yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)