Jacht op hynders yn Lauwersmar

13 okt 2005 - 11:16

Yn it Lauwersmargebiet waard woansdei jage op Konikhynders, dy't dêr yn it wyld omrinne. De bisten wurde ien kear yn it jier by inoar jage en neisjoen op sûnens en rassuverens. Dat wurdt útfierd troch meiwurkers fan Steatsboskbehear en inkelde frijwilligers.

It Konikhynder wie hast útstoarn, doe't 70 jier lyn yn Poalen de fok wer oppakt waard. Sûnt '89 rinne de bisten ek wer yn it wyld yn it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)