Jacht op guozzespantsjes yn Fryske natuergebieten

02 feb 2015 - 20:42
  • Guozzen

Jagers meie dizze moanne yn wiete natuergebieten op guozzen sjitte. It giet dan om guozzen dy't in spantsje foarmje om ta brieden te kommen. Troch ien fan de twa guozzen te sjitten, komme der gjin aaien. It eksperiment is ûnderdiel fan de provinsjale guozze-oanpak.

It jeien leit lykwols hiel gefoelich, ek by It Fryske Gea en Steatsboskbehear. Sy binne dochs akkoart gien omdat dêr foaroer stiet dat guozzen dy't hjir allinnich winterdeis sitte, op termyn mei rêst litten wurde.

It sjitten fan de guozzen is fierder bûn oan strange betingsten om foar te kommen dat oare fûgels en bisten dêrfan te lijen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)