Jacht nei haven Skier sleept

02 jun 2007 - 12:53

Rêdingsboat Edzard Jacob fan it KNRM-stasjon op Skiermûntseach is freedtemiddei útfearn foar in skip mei motorpech. Dat lei yn 'e Reegeul. It jacht mei in lingte fan sa'n tsien meter is op sleep naam en nei de jachthaven fan Skiermûntseach brocht.

De eigner woe yn earste ynstânsje nei Ingelskmanplaat farre, mar de motor waard te waarm. Dêrop hat de skipper de help ynroppen fan de KNRM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)