Jacht fêst op De Kalkman

20 aug 2007 - 08:50
  • De bemanning fan 'e rêdingboat moast it wetter yn, om it jacht los te krijen (foto KNRM)

In jacht út Amersfoort hat it hiele wykein fêst sitten op De Kalkman. It skipke Ruach hie freed it anker útgoaid boppe de sânbank, mar kaam sa fêst as in hûs te sitten. Rêdingboat Edzard Jacob fan Skiermûntseach koe de boat freed net los krije en doe't it jacht snein noch fêst siet, waard it by heech wetter op 'e nij besocht.

It slagge mei help fan de rêdingboat fan Lauwerseach, dy't dêr de Dei fan de Garnaal foar ferlitte moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)