Jacco Landman wer by Flyers

04 nov 2008 - 12:08
  • Jacco Landman

Iishockeyer Jacco Landman komt werom by de Hajé Flyers. De 34-jierrige ferdigener hie yn septimber noch bekend makke dat hy definityf ophâldt mei iishockey, mar op 16 novimber is er werom op it iis.

Yn 2006 wie hy ek alris ophâlden, mar ek doe kearde er werom by de Flyers. Jacco Landman sil snein 16 novimber foar it earst meidwaan. Hy spilet dan syn 550ste wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)