Jabikswâld mei boud wurde

14 aug 2008 - 14:54
  • Protest Goutum hat neat úthelle

It buorskip Jabikswâld by de nije wyk De_Súdlannen yn Ljouwert kin oanlein wurde. De rjochtbank fan Grins hat beswieren fan Doarpsbelang Goutum ôfwiisd. Doarpsbelang Goutum hie beswier makke tsjin it opheegjen en bouryp meitsjen fan 'e grûn.

No't de beswieren fan tafel binne, wurdt nei alle gedachten ein dit jier út ein set mei de tariedings foar de bou fan 'e wenten. Jabikswâld wurdt ek wol Jabikswoude neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)