Jabikskrûd op It Amelân

10 jul 2007 - 17:38

De gemeente It_Amelân warskôget boeren en oaren mei stikken greide foar it opdûken fan it Jabikskrûd. It plantsje is gefaarlik foar bisten. Dy kinne deroan deagean as se derfan ite. Minsken kinne lêst fan 'e hûd krije.

De gemeente wol no dat de minsken de planten derút helje, as se se tsjinkomme. De gemeente soarget sels foar it meanen fan de bermen en it ôffieren fan it Jabikskrûd dat dêr fûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)