Jaarsma Omrop-kommissaris

24 sep 2010 - 14:32

Ger Jaarsma makket de ried fan kommissarissen fan Omrop Fryslân folslein. Jaarsma (42) is in betûft bestjoerder. Hy is sûnt juny 2009 direksjefoarsitter fan de Kredietbank Nederland yn de regio Fryslân en Midden-Nederlân. Fierder ferfolt Jaarsma ferskate njonkenfunksjes.

Sa is hy lid fan de Ried fan Kommissarissen fan de Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân, lid fan de Ried fan Kommissarissen en foarsitter fan de Kamersintrale VVD Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)