Jaarsma: net mear PVV gedoge

21 apr 2012 - 17:41

De VVD moat net mear in gedoochkonstruksje oangean mei de PVV. It hat bliken dien dat sa'n konstruksje net sterk genôch is as der knopen trochhakt wurde moatte. Dat seit Ger Jaarsma, de foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de VVD. Foar him kaam de breuk as in ferrassing. Hy hie ferwachte dat de partijen der noch wol útkomme soene. Jaarsma tinkt dat de VVD by de kommende ferkiezings der goed útkomme sil. Dochs is hy benaud dat der op 'e nij in fersnippere útslach komt sa't it dreech wurde sil in nij kabinet te formearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)