J. Wiersma wint hjerstkonkoers

14 nov 2005 - 14:26

Muzykferiening Joost Wiersma fan Jistrum is sneon as earste einige op it hjerstkonkoers fan it kristlik bûn fan muzykferienings. Dat waard hâlden yn de Lawei yn Drachten. De muzikanten út Jistrum hellen goed 93 punten.

In twadde plak wie foar Solibrass út Ljouwert. Concordia út Middelstum waard tredde. In fjirde plak wie foar Wâldbrass út Kollum. Foar it earst sjurearren studinten fan it Grinzer Konservatorium ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)