Izertried oer de dyk spand

26 des 2012 - 09:07

De plysje siket nei de persoanen dy't moandeitejûn om 7 oere hinne in stik izertried oer de Jousterdyk yn Aldehaske spand hiene. Dêrtroch ûntstie in libbensgefaarlike situaasje. In oplettende automobilist seach de tried op de hichte fan it hús op nûmer 225 en hat de tried losmakke en dêrnei de plysje belle.

Minsken dy't wat sjoen hawwe of mear witte wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)