Izertried faker oer dyk spand

28 des 2012 - 18:05
  • Izertried

De izeren tried dy't moandei oer de Jousterdyk yn Aldehaske spand wie, is meardere kearen ophongen. Dat docht bliken út plysje-ûndersyk. De plysje krige omtrint 7 oere jûns in melding oer de gefaarlike situaasje. In attinte automobilist seach de tried en hat dy doe losmakke en de plysje belle.

Om sawat njoggen oere waard der lykwols opnij in tried oer de dyk spand. In tsjûge hat op dat tiidstip trije jonges yn de leeftiid fan 11 oant 15 jier op it plak sjoen. De plysje is no op syk nei dy jonges.   

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)