Izel soarget foar hege hark- en sjochsifers Omrop Fryslân

08 jan 2016 - 17:26

Mear as de helte fan de Fryske befolking hat de ôfrûne winterdagen de berjochtjouwing fan Omrop Fryslân folge. Sa lei it deiberik fan Omrop Fryslân Telefyzje trije kear heger as gewoanwei. Ek seagen tsientûzenen minsken nei de ekstra útstjoerings fan Hjoed op telefyzje.

Dy sifers komme ek werom yn it online berik. Hûnderttûzenen minsken seagen filmkes oer izelwille op Facebook. Ek wie #omropfryslan trending topic op twitter.

Hûnderten reaksjes

Der waard ek manmachtich harke nei de radio. Der kamen hûnderten reaksjes binnen fan minsken oer hoe bliid sy mei de ynformaasjefoarsjenning wienen. 

"Meast aktuele boarne"

Haadredakteur Klaas Geert Bakker: ''Omrop Fryslân wie de ôfrûne dagen de wichtichste en meast aktuele boarne fan ynformaasje oer de glêdens. Dat hat laat ta hege sjoch-, hark- en onlinesifers dy't oantoane dat Omrop Fryslân as regionale stjoerder in wichtige funksje ferfollet yn de Fryske mienskip.''

De krekte harksifers binne noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)