Izel: net de dyk opgean

15 des 2002 - 00:00

Net de dyk opgean as it net echt nedich is. Dat is de warskôging dy't de Fryske plysje snein útgean liet. Fanwege de izel en rein op beferzen diken binne de wegen glêd. Der wurdt wol struid, mar dochs is in slippartij hiel goed mooglik.

It KNMI ferwachtet dat de glêdens wol duorje kin oant moandeitemiddei. Dus minsken dy't moandei mei de auto nei it wurk gean, kinne der mar om tinke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)