Izel betsjut ferlerne winkeldei foar binnenstêd Snits

05 jan 2016 - 21:08
  • Lege terrassen yn de Snitser binnenstêd
  • Lege winkelstrjitte yn it sintum fan Snits
  • Guon winkels bleaunen ticht....

De izel soarge tiisdei net allinnich foar winterwille en blikskea, mar ek foar ekonomyske malêze. Sa koene in soad besoargers net de doar út en waarden winkels net befoarriede. En ek de klanten bleaune foar in grut part thús. Sadwaande wie it yn de binnenstêd fan Snits tiisdei folle rêstiger as oars. Sa rêstich sels dat it foar guon winkeliers fielde as in ferlerne dei.

Hoe grut de skea foar de winkels krekt wie is dreech te sizzen, mar guon undernimmers sizze inkelde tûzenen euro's minder omset draaid te hawwen as op in gewoane tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)