Iwan Kamminga wint Berenloop op Skylge

08 nov 2015 - 15:39

Hurdrinner Iwan Kamminga fan Nieuwe Pekela hat snein de 19e edysje fan de Berenloop op Skylge wûn. De Grinzer hurdrinner sette in winnende tiid fan 2.31.35 op 'e klok. Ek ferline jier wie Kamminga al de rapste by de Berenloop.

Twadde waard Ben Stellingwerf út Onder den Dam yn in tiid fan 2.35.20. It tredde plak gong nei Fries om utens Anton Costerius, foarhinne fan Wolvegea. Hy klokte in tiid fan 2.44.16.

By de froulju gong de winst ferrassend nei Immy Auck Kersbergen fan Wommels. Sy sette de klok stil op 2.54.25.

Ronald Schröer fan Oudkarspel wûn de heale maraton by de Berenloop mei in tiid 1.09.04. Michael Butter fan Castricum einige as twadde. Erik Negerman, foarhinne fan Boalsert, wie de bêste Fries en waard fjirde yn in tiid fan 1.10.50.

By de froulju wûn Jacelyn Gruppen út Hoogeveen de heale maraton yn 1.18.16.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)