Ivor Bruin wint Gerkeskleaster

28 maaie 2009 - 22:19

Ivor Bruin fan Andijk hat it kritearium fan Gerkeskleaster-Strobos wûn. Yn de lêste twa rûntsjes wie hy útnaaid mei Frank Wierstra fan Burgum en Tom Slagter fan Slochteren. Bruin wie de rapste yn de einsprint foar Wierstra en Slagter.

De ûntsnapping fan de jûn wie foar Fries om utens Folkert de Haan en de Sinees Cheng Ji. Yn de finale waard dit duo dochs ynrekkene. Freed de twadde wedstriid om it gouden pompeblêd yn De Harkema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)