ITGWO Flylân al útferkocht

25 jan 2014 - 10:46
  • Into The Great Wide Open
  • Relaksende besikers fan ITGWO op Flylân

Muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân is útferkocht. Alle seistûzen kaarten wiene yn in kertier fuort. De sechde edysje fan it muzykfestival is fan 5 oant en mei 7 septimber op Flylân. De priis fan in kaart is 120 euro. It is noch net bekend hokker bands dit jier optrede sille op ITGWO. Dat wurdt pas begjin maaie bekend makke.

Neffens de organisaasje binne it foaral twintigers en tritigers dy't in kaartsje foar it festival keapje en binne der diskear minder kaartsjes ferkocht oan fjirtigers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)