Itentsjes as promoasje

31 okt 2007 - 21:48

Ekodiners by minsken thús, yn doarpshúzen en foar in gemeenterie moatte biologyske produkten populair meitsje. AOC-Fryslân, it Friesland College en de Fryske Miljeufederaasje organiseare dizze promoasje-aksje.

It is de bedoeling dat minsken dy 't no al biologyske produkten brûke, kunde útnoegje foar in itentsje. It menu wurdt makke troch koks yn oplieding fan it Friesland College. Der komme 30 fan dizze 'Ekodiners'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)