Itenskarmerk sikehûs Snits

03 apr 2007 - 14:34
  • Antonius in Snits krijt it keurmerk "Velig Voedsel"

It Antonius sikehûs yn Snits krijt tongersdei it Keurmerk Veilig Voedsel. It is de earste ynstelling yn Fryslân dy't organisaasjebreed sa'n karmerk hellet. Dat betsjut dat alle ôfdielings fan it sikehûs yn Snits foldogge oan de wetlike easken foar hygiëne en feiligens fan it iten.

Om in Keurmerk Veilig Voedsel te krijen moat in ynstelling in 7,5 of heger helje. It sikehûs yn Snits kaam út op in 8,1

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)