Itensiede op wetterstof

28 jan 2008 - 14:38

Bewenners fan it appartemintekompleks Noorderlicht op It Amelân itensiede de kommende moannen foar in part op wetterstof. Yn de nije apparteminten yn Nes wurdt eksperimentearre mei in nije enerzjyfoarm, wêrby't wetterstof yn de gaslieding mingd wurdt.

Dat soe foar de wurking fan it gas neat útmeitsje, mar soe wol folle skjinner yn it gebrûk wêze. Troch wetterstof te brûken wurdt der minder CO2 útstjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)