Itensbanken slute federaasje

30 apr 2006 - 15:46

Alle 'voedselbanken' yn Nederlân, ek dy fan Fryslân, hawwe har dizze wike offisjeel feriene yn in federaasje. Reden foar de gearwurking is de groei fan it tal itensbanken. Se wolle tenei as ien organisaasje wurkje en ek ûnder inoar it iten ferpartsje. Ek kin der gearwurke wurde om oan iten te kommen.

Yn it nije systeem komme der yn Fryslân trije itensbanken; ien yn 'e súdwesthoeke, ien yn súdeastfryslân en ien yn it noarden fan 'e provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)