Itensbank yn Boalsert siket ierappels en in kuolkast

19 aug 2015 - 15:34
  • De itensbank yn Boalsert wol graach ierappels

De itensbank yn Boalsert siket ierappels en in grutte kuolkast. Alle wiken krijt de Voedselbank-organisaasje griente, fruit en fleis mar op it stuit is der in tekoart oan ierappels en kinne se de produkten net mear bergje. Se fine it wol wichtich dat de 70 klanten ierappels yn it pakket krije en dat dy produkten farsk binne.

Dêrom roppe se boeren, hobbyboeren en túnkers op om ierappels te donearjen. En wa't in grutte kuolkast thús stean hat en der neat mear mei docht kin dizze ek nei Boalsert bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)