Itenbesoarger oerfallen

12 nov 2006 - 14:11

Yn de Robinsonstrjitte yn Ljouwert is sneontejûn in besoarger fan Sinees iten oerfallen. De 17-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden troch twa jonges. Dy fregen om syn beurs.

Doe't er dy net ôfjaan woe waard er fan syn brommer lutsen en waard syn jild ôfpakt. De beide jongens naaiden út mei inkele tsientallen euro's. De 17-jierrige besoarger hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)