'Iten yn tehûzen smakket net'

04 jul 2000 - 10:06

Bewenners fan fersoargingstehûzen binne ûntefreden oer it iten. Dat docht bliken út in ûndersyk yn 'e tehûzen fan Stichting Palet. It is útfierd troch learlingen fan De Friese Poort.

Fersoarchster-yn-oplieding Elly Visser hat optekene hoe't de situaasje yn Nij Statelân yn Menaam is. Neffens har is it grutste probleem dat âlderen net doarre te sizzen dat it net smakket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)