Iten siede foar iensumen

01 okt 2013 - 14:00

Thuishotel wol mei it projekt Aan Tafel iensumens ûnder âlderein tsjingean. Frijwilligers siede likernôch ien kear yn de twa wiken iten by in âldere thús en ite sels mei. Thuishotel rjochtet him op minsken dy't gebrûk meitsje fan de mielen fan Tafeltje Dekje en keppelet de âlderein oan frijwilligers.

Thuishotel is ûnderdiel fan Thússoarch Súdwest-Fryslân. De organisaasje sil de kommende tiid foar Aan Tafel yn 'e mande mei wolwêzensorganisaasjes Timpaan Welzijn en Miks Welzijn frijwilligers sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)