Iten sammele foar Voedselbank

03 feb 2007 - 12:31
  • De Voedselbanken kinne wat ekstra iten wol brûke

Alle Voedselbanken yn Fryslân krije sneon iten dat ynsammele is troch bern dy't meidien ha oan de klupstriid fan tsjerken. De Voedselbank fan Ljouwert krige sneon in hynstetrailer fol mei iten. It iten is ophelle troch bern út Raard en Marrum.

Dit jier gong de striid om hokker klup it measte iten ynsammelje koe. Mear as sechtsjinhûndert bern ha by de doarren lâns west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)