Italiaan Elia Viviani wint 1e etappe Eneco Tour

10 aug 2015 - 16:35
  • De massasprint yn Boalsert

De Italiaan Elia Viviani fan de Sky-ploech is moandei de winner wurden fan de earste etappe fan de Eneco Tour mei start en finish yn Boalsert. Twadde waard Danny van Poppel en it tredde plak wie foar Jean-Pierre Drucker. De etappe einige yn in massasprint.

De earste etappe fan de ronde fan Nederlân en Belgie gie oer 183,5 kilometer troch in grut part fan Fryslân. Hjirby waarden njoggen fan de alve stêden oandien. Allinnich Ljouwert en Dokkum waarden oerslein. It is njoggen jier lyn dat de Eneco Tour foar it lêst troch Fryslân gie.

Tiisdei is de twadde etappe fan Breda nei Breda.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)