It Soal by Warkum opknapt

04 jul 2008 - 14:07

De gemeente Nijefurd is begûn mei it opknappen fan It_Soal by Warkum. De gemeente krige in soad klachten oer de steat fan it strantsje. It wie rommelich en gaoatysk, sa fûn it publyk.

Dêrom hat Nijefurd yntusken de tagong oanpast, in fytsestalling pleatst en komme der nije bankjes en ynformaasjebuorden. Der wurdt ek noch sjoen nei de mooglikheden foar in beachvolleybalfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)