It is sjippeglêd yn Fryslân

05 jan 2016 - 02:03
  • Frachtwein fan 'e dyk by Terwispel

It is troch izel op it stuit sjippeglêd yn Fryslân. De Ferkears Ynformaasjetsjinst sprekt fan in gaotyske en libbensgefaarlike situaasje en warskôget minsken net de dyk op te gean. Op de A7 by Terwispel binne twa frachtweinen fan 'e dyk rekke. It in hiele noarden giet it wis om tsientallen ûngelokken. Ek op de A32 tusken It Hearrenfean en Stienwyk binne in soad auto's fan 'e dyk rekke.

De izel kin noch best lang oanhâlde en mei dêrom is de ferwachting dat it in hiele drege moarnsspits wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)