"It sintrum fan It Hearrenfean is gjin gesicht"

05 nov 2015 - 16:55
  • Winkelstrjitte De Gracht It Hearrenfean

"It sintrum fan It Hearrenfean sjocht der sa dramatysk út, dat der miljoenen nedich binne om it wer op de rit te krijen". Dat seit Pim van der Berg, dy't dat ûndersocht hat.

Leechstân
Yn de haadwinkelstrjitte stean in soad winkels leech, fertutearzje de gebouwen en binne der in soad kleanwinkels. As dit sa trochset, sil it sintrum fan It Hearrenfean leechrinne en komme der gjin minsken mear te winkeljen. Neffens Van der Berg gean minsken no allinnich nei it sintrum om in boadskip en net mear as dat.

Kânsen foar wettersport
Van den Berg hat tal fan ferbetterpunten, mar fynt dat de polityk earst ynsjen moat dat der in grut probleem is. De FNP, D66 en GemeenteBelangen Hearrenfean holden tongersdei in sympoasium oer it sintrum. Dêr waard ek sjoen nei de toeristyske kânsen. Sa fynt toerisme-ekspert Bertus Van der Tuuk dat it sintrum kânsen biedt foar lytsskalige wettersport. Sa soene kaden ynrjochte wurde moatte mei oanlisplakken foar sloepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)