It NNO spilet Armin van Buuren

01 apr 2009 - 12:13
  • Armin van Buuren

Noord Nederlands Orkest NNO sil it kommende seizoen in konsert jaan mei muzyk fan 'e súksesfolle Nederlânske DJ Armin van Buuren. Op 4 maart takom jier wurdt it konsert mei klassike muzyk en trance foar it earst spile yn de Harmonie yn Ljouwert.

It NNO is al langer dwaande mei oare muzikale sjenres as klassike muzyk. Yn dat stribjen past ek de toer mei muzyk fan rockband Queen. Oan dizze konserten sil ûnder oare Syb van der Ploeg meiwurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)