'It lânskip is fernield'

15 jun 2010 - 12:33

De Vereniging Nederlands Kultuurlandschap slacht alaarm: in grut diel fan it lânskip is fernield. Allinnich Fryslân en Utert springe der út. Dat is tiisdeitemoarn bekend makke by de manifestaasje 'Nederland van de kaart' yn Amsterdam.

Saakkundigen hawwe it hiele Nederlanske lânskip besjoen en yn kaart brocht wat der allegearre feroare is. De saakkundigen jouwe in gemiddeld rapportsifer fan 3,3 oan de lânskippen yn it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)