It Heidenskip wint NK toulûken

03 feb 2013 - 15:35
  • It Heidenskip

De toulûkers fan It Heidenskip binne sneon yn Damwâld Nederlânsk kampioen toulûken binnendoar wurden yn de klasse oant 680 kilogram. It sulver wie foar Lagerweij Renswoude, de toulûkers fan Deinum/Britsum waarden tredde.

By de jeugd oant 450 kg wie de titel foar Deinum/Britsum. It Heidenskip waard twadde, folge troch Heure Borculo. By de seistallen oant 540 kg wie der sulver foar Bartlehiem.

Toulûkferiening Bartlehiem organisearre yn gearwurking mei it Nederlânske Toulûk Bûn it iepen NK yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)