It Heidenskip wint iepen NK toulûken

06 feb 2016 - 16:51

De toulûkers fan It Heidenskip binne sneontemiddei yn sporthal De Trije yn Frjentsjer Nederlânsk kampioen wurden yn de klasse 680 kilogram. Se bleaune yn de finale Monnickendam maklik de baas. Yn de 640 kilogram klasse behelle it organisearjende en jubilearjende (50 jier) Deinum-Britsum it tredde plak. Monnickendam waard hjir kampioen. Yn de klasse 600 kilo wie der op 'e nij brûns foar Deinum-Britsum. 

De froulju fan Deinum-Britsum einigen as twadde. It seistal ferlear yn de finale twa kear fan de kampioen Groene Oase út Maasland.

By de jeugd gong de titel nei it Belgyske Berketrekkers ut Merksem.

38 teams dogge der alles, mar dan ek alles oan om earste te wurden op it iepen Nederlânsk kampioenskip toulûken. Jong en âld, man en frou giene de striid mei-elkoar oan yn fiif gewichtsklassen.

It Nederlânsk kampioenskip toulûken yn Frjentsjer is in iepen NK. Dat betsjut dat dielnimmers sels fan bûten de lânsgrinzen nei de akademystêd takaam binne. Oer oardel wike is it wrâldkampioenskip indoor yn Volendam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)