It Heidenskip better beskerme

24 jun 2013 - 15:44
  • Wetter
  • It nije natuergebiet de Wolvetinte oan de Fleuzen

Wetterskip Fryslân is der yn 'e mande mei bewenners, boeren en ferskate ynstânsjes yn slagge om It Heidenskip te beskermen tsjin heech wetter sûnder de kaden hiel heech te meitsjen. Yn de opfeart nei it doarp is in wetterkearing pleatst, dy't automatysk omheech komt as it wetter in te heech peil berikt. Dêrtroch krije de minsken gjin hege dyk foar de doar.

Ek de ferheging fan de diken oan de Fleuzen is beheind bleaun. Dat koe troch in soarte fan foarkade te meitsjen mei stienstoart. Dy nije kade is ek gaadlik foar de Noarske wrotmûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)