It Hearrenfean wint SKS Starum

31 jul 2010 - 16:26

Pieter Brouwer fan It Hearrenfean hat sneon it SKS Skûtsjesilen wûn by Starum. Hy wist De Jouwer foar te bliuwen en koe sa ek syn kopposysje yn it klassemint fierder fersterkje. Fjouwer skûtsjes kamen mei in protestflage oer de finish: Snits en Boalsert tsjininoar, en Grou en Ljouwert ek tsjininoar.

De ôfrûne trije jier hat de SKS troch hurde wyn net syld op Starum. Dit jier waaide it ek hurd, mar koe de wedstriid wol trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)